Steurmachtich Lauwerseach

In reinige sneintemiddei. It doel wie te kuierjen, mar fanwegen de kjeld en wykeinske wurgens waard it auto-út auto-yn. De foto hjirboppe is naam by it útsjochpunt Ljussens. Krekt bûten byld binnen in tal kite-surfers harren kites oan it drûgjen.

In eintsje fierderop, achter it militêre sjitterrein, sit in oar útsjochpunt. Net sa praktysk foar in kuier, mar goed te berikken mei de auto (min weidek!).

Eindigjend mei in ritsje yn it stoarmige tsjuster rjochting in (wat minder) waarm hûs.