Slachje om yn Grins

'n Moaie winterske dei. Gjin wyn, genôch sinne. Wy hawwe 't Noarderplantsoen flak by de doar. Al rinnend komst dêr dizze dagen samar in plukje heal dronken Eurosonic Noorderslag (ESNS tsjintwurdich) gasten tsjin, en hjir en dêr in plukje poddestuollen.

Paddestuollen

Efkes fierderop, healwei 't plantsoen: it paviljoen. Boud yn opdracht fan brouwerij d'Oranjeboom. No in kafee/restaurant foar meast âlders mei harren bern.

it Paviljoen

Oan kroegen en cafés yn Grins gjin gebrek. 'n Stikje achter it noarderplantsoen stiet it poppodium Simplon. Sy sille mei ESNS genôch te dwaan hawwe.

Wat aardich is, de kinst troch it gebou richting de nije wyk "Ebbingekwartier" rinne. Yn de kategory "nieuwe woonwijk" is dizze aardich slagge. Sa stadichoan fielt 't al hast klear, al is hjir en dêr noch wol wat te sjen fan it wurk.

De grutste krystbal fan Europa

No ja, it iene stikje is wat mear klear as't oare.



De electrifikaasje fan de wrâld fielt sa no en dan nog wat ûnwennig. De Jetsons soene dy samar om de holle fleane kenne. Ek de postboade mat der oan leauwe.

Wol goed foar de kondysje fansels. Ast de auto dêr foar stean litst.

VanMoof

Al mei al bist samar 'n oere of twa ûnderweis. Mûtse op, moffen oan en gean. Foar'tst it witst fynst samar in moaie strúk-doar kleurcombo. Groetnis!

Soene se de strûk by de farve útsocht ha of oarsom?

Ynskriuwe op inne

Skriuw dysels no yn om de nijste útjefte automagysk te ûntfangen.
Pier Pander
Ynskriuwe